Wolvetiid -

Wolvetiid -

  • リリース年: 2015
  • 言語: オランダ語
  • 間隔: 6:12

以下は曲の歌詞です Wolvetiid 、アーティスト - 翻訳付き

歌詞 " Wolvetiid "

原文と翻訳

Wolvetiid

In jonkje wurdt in strider, Rêdbâd's tiid brekt oan

De learling ferslacht syn master hy fjochtet mei ferstân

In strider is der wurden, syn swurd slacht nea mear mis

Hy sil syn folk goed liede, as er letter kening is

Hûnen en wriggerts stoarmje de seal rûch yn

Itensreau en banken saaie oer de flier

It bloed befriest en stjurret my yn de ieren

Dreamen oer de wolvetiid wurde wier

Rêdbâd!

Keningssoan yn ‘e wolvetiid

Gjin bern mear mar klear om te fjochtsjen

Dit is foar ús eare, en ús heitelân

Myn swurd is myn maat, de striid is myn paad

Ferbjustere rin ik op ‘e beammen ta

De woestelingen ride foarop

Ûnder de tsjoen fan Wêda binne hja

Mei in tichte sek oer myn kop

Wolvetiid! Liken yn ‘e beam

Wolvetiid! Wurklikheid as dream

Wolvetiid! Hast klear foar de troan

Wolvetiid! Foar de keningssoan

Rinne mei de wolven, jeie troch bosk en fjild

Fjochtsje mei de swinen, sline fan it wyld

Krêftich as in wolvesoan yn ‘e wolvetiid

Fjochtsje wy as wolvebruorren ús eigen wolvestriid

Rêdbâd!

Wolvetiid! Strûpe om ‘e strôt

Wolvetiid! Hingjend yn it wâld

Wolvetiid! Folger komt foar my

Wolvetiid! Ieneach makket frij

サイト上の新しいテキストと翻訳:

200万曲以上の歌詞

様々な言語の楽曲

翻訳

あらゆる言語への高品質な翻訳

クイック検索

必要なテキストを数秒で見つけます